Auto pear kear oer de kop

21 maaie 2011 - 14:51

By in oanriding op de A7 by Nijehaske is freed in frou ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. De frou wie oan it ynheljen en kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn de middenberm telâne. Dêrby ferlear it slachtoffer de macht oer it stjoer en sloech in tal kearen mei de auto oer de kop.

De frou is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Troch it ûngelok wie de dyk tydlik ôfsletten foar it ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)