Mishanneling mei hegedrukspuit

21 maaie 2011 - 14:46

In 58-jierrige meiwurker fan de Voedsel en Warenautoriteit is freed op De Hemmen yn Drachten mishannele troch in 67-jierrige man út Wâlterswâld. De fertochte en it slachtoffer krigen wurden oer in te slachtsjen bist.

De fertochte sloech dêrop it slachtoffer mei in hegedrukspuit tsjin de holle. De meiwurker fan de Voedsel en Warenautoriteit rekke dêrby ferwûne oan de holle en hat oanjefte dien. De man út Wâlterswâld is oanholden en meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)