Ynbrutsen yn skoalle

21 maaie 2011 - 14:05

Freedtenacht is ynbrutsen yn in skoalle oan de Plataanstrjitte yn Ljouwert. In tsjûge seach twa mannen by de skoalle stean, fertroude it net en belle it alarmnûmer. Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat in rút fan de skoalle stikken wie.

Yn de omjouwing waarden de beide fertochten oantroffen. Se naaiden út. Ien fan de mannen koe oanholden wurde yn de Vogelkersstrjitte. De oare man wist te ûntkommen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)