Tsjûgen mishanneling Grou

21 maaie 2011 - 13:43

De plysje siket tsjûgen yn ferbân mei de mishanneling fan in groep silers op it Halbertsmaplein yn Grou twa wike lyn. Dit wie yn de nacht fan sneon 7 op snein 8 maaie. De silers krigen yn in hoarekagelegenheid wurden mei in groep fan fiif minsken.

Bûten krigen de silers klappen fan dy groep, dy't yntusken bestie út sa'n tweintich minsken. De silers koene ûntkomme en binne in hotel yngien. Se hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)