Plysjeman delslein op It Fean

21 maaie 2011 - 13:15

Op It Hearrenfean hat ôfrûne nacht in 17-jierrige Feanster in plysjeman delslein. Dy rekke dêrby út 'e tiid. De dieder waard oanholden foar it riden ûnder ynfloed en it net yn it besit wêze fan in brommerrydbewiis.

De Feanster wie dêrnei ferfelend en sloech om him hinne. Mei de earmtakke rekke er it gesicht fan de plysjeman. Dy foel en wie troch de klap efkes út de tiid. De plysjeman moast him behannelje litte yn it sikehûs. De fertochte is oanholden en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)