Jonge mishannele op skoalplein

In 15-jierrige jonge fan De Tynje is freedtemiddei troch trije jonges mishannele op it skoalplein op de Buitenbaan op It Hearrenfean. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne oan it gesicht en it gebit. Hy moast him dêrfoar behannelje litte by in kaaksjirurch.
De dieders naaiden út op in scooter en in fyts. De plysje siket tsjûgen fan it foarfal.