Beslút Thialf net foar simmer

21 maaie 2011 - 12:13

It sil net slagje om foar de simmer noch in beslút te nimmen oer de takomst fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Dat seit deputearre Hans Konst yn reaksje op de soargen dy't Thialfdirekteur Jarko Nieweg sneon utere yn Omrop Fryslân Aktueel.

Nieweg betwivelet oft it ryk op koarte termyn ree is om miljoenen euro's mei te beteljen oan renovaasje of nijbou fan Thialf. De provinsje docht alle war om jild fan it ryk te krijen mar tasizzings binne der noch net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)