Harns wol konvenant oer REC

21 maaie 2011 - 08:33

Harns wol yn in konvenant mei Omrin ôfspraken meitsje oer de REC, de ôffalferbaarningsynstallaasje yn de havenstêd. Middels dy ôfspraken moat de ûngerêstheid weinommen wurde. Harns soe ek graach sjen dat de provinsje Fryslân meidocht om it konvenant op te stellen.

Yn it konvenant moatte neffens Harns ôfspraken makke wurde oer de meldings as der wat mis giet. De kommunikaasje dêroer moat goed wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)