Tsjummearum baalt fan Frisia

20 maaie 2011 - 17:01

Yn Tsjummearum binne se teloarsteld no't de sâltwinput bûten it doarp mooglik langer iepen bliuwt. Frisia Sâlt yn Harns mei noch oant 2013 sâlt helje út grûn ûnder Tsjummearum, Seisbierrum en Doanjum, mar wol in ferlinging fan dy termyn.

Dêr stiet tsjinoer dat der gjin ekstra sâltput komt by Slappeterp. De provinsje en it ryk sjogge wol wat yn dit foarstel. Yn Tsjummearum binne se benaud foar grûndelgong en skea oan de huzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)