Noch gjin beslút oer Thialf

20 maaie 2011 - 14:26

De kâns dat der noch foar de simmer in beslút nommen wurdt oer de takomst fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean is lyts. Dat tinkt direkteur Jarko Nieweg fan Thialf. Ferline wike gie in oerlis tusken de oerheden en Thialf yn de saneamde rezjygroep net troch, omdat der neat nijs te melden wie.

Nieweg tinkt dat der problemen binne mei de reewilligens fan it ryk om miljoenen oan Thialf út te jaan. Der binne op dit stuit noch twa opsjes: folsleine nijbou of renovaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)