Frjentsjer praat oer swimbad

20 maaie 2011 - 11:27

De gemeente Frjentsjerteradiel sil prate mei twa ûndernimmers oer de ferkeap fan swimbad Bloemketerp. De gemeenteried hat it kolleezje fan b. en w. dêr tongersdei tastimming foar jûn. De ûndernimmers dêr't mei praat wurdt ha beide mar om in lytse finansjele stipe frege. Dat jild is troch de gemeenteried achterútlein.

Wethâlder Twerda wol besykje de saak sa gau mooglik rûn te krijen om't it kontrakt mei de hjoeddeistige eksploitant op 1 juny ôfrint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)