PvdA fragen oer baneferlies

20 maaie 2011 - 11:08

De steatefraksje fan de PvdA stelt fragen oer it ferdwinen fan arbeidsplakken by de rjochtbank yn Ljouwert. Dizze wike waard bekend dat der seis banen fan Ljouwert nei Grins geane.

De PvdA wol witte wat de provinsje dwaan sil om foar te kommen dat banen foar minsken mei in hege oplieding ferdwine. Ek wolle se witte oft der ôfspraken makke binne mei Grins en it ryk oer de konsintraasje fan ien of mear rykstsjinsten yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)