Rodenhuis bliuwt by Harkema

Wieb Rodenhuis is ek it kommend seizoen trainer fan Harkemase Boys. Rodenhuis wie dit jier de tredde trainer op De Harkema. Henk de Jong gie healweis oer nei Cambuur. Syn ferfanger Peter Meindertsma waard nei trije moanne al ûntslein. Rodenhuis waard oanlutsen om it seizoen ôf te meitsjen.
It bestjoer hie Rodenhuis dizze wike witte litten dat se wol mei him fierder woene. Tongersdei hat hy witte litten dat er foar in jier bytekenet.