Krityk Verhagen op provinsje

19 maaie 2011 - 18:45

Minister Verhagen fan ekonomyske saken is net bliid mei it akkoart fan it Fryske kolleezje fan deputearre steaten. Hy hat benammen krityk op it beslút om wynmûnen by de provinsjegrins del te setten.

Verhagen fynt dat Fryslân dêrmei de doelstelling om mear wynenerzjy op te wekken ôfskoot op de oare provinsjes. Fryslân is wol foar duorsume enerzjy, mar wol de mûnen net op eigen grûn ha. De minister sei tongersdei yn de Twadde keamer dat dat net kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)