Jagers tsjin guozze-akkoart

19 maaie 2011 - 15:25

Fryske jagers binne tsjin it akkoart mei natoerorganisaasjes oer de guozzen. Natoerorganisaasjes, behearders fan natoergebieten en jagers wiene it earder iens oer in plan om simmerdeis guozzen ôf te sjitten. Nei fiif jier soe de guozzejacht sa goed as wis ophâlde. Mar de leden fan de Keninklike Nederlânske Jagerferiening (KNJV) binne tsjin it plan.

Yn Fryslân bestean goede ôfspraken mei alle belutsen partijen oer de guozzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)