Harkemase Boys yn wachtkeamer

19 maaie 2011 - 14:46

Harkemase Boys hat Wieb Rodenhuis in foarstel dien om ek takom seizoen trainer te wêzen fan de Fryske topklasser. Rodenhuis hat it oanbod yn beried. "Ik wit it echt noch net. Emosjoneel sis ik ja, ferstanlik twifelje ik", seit de Britsumer.

Foarsitter Pieter Spinder seit yn in reaksje: "It is graach of net." Tongersdeitejûn is der in petear tusken Rodenhuis en it bestjoer. De spilersgroep stiet achter it oanbliuwen fan Rodenhuis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)