Mooglik rjochtsaak ôffaloven

19 maaie 2011 - 13:09

Harns ûndersiket juridyske mooglikheden de provinsje te twingen de ôffaloven REC fan Omrin tydlik stil te lizzen. De provinsje prate woansdei oer de oven. De Harnzer polityk fynt dat de oven de útstjitnoarmen sa faak skeind hat dat de provinsje wol yn aksje komme moast.

De provinsje wol dat net, want dat is bard doe't Omrin de ynstallaasje oan it ynregeljen wie. Dan jilde minder strange noarmen. De oven wurket no wol goed, seit deputearre Galema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)