Wurkleazens 1,5% fermindere

Argyffoto Omrop Fryslân
De wurkleazens yn Fryslân is ferline jier mei 1,5 prosint ôfnaam. Wol leit de wurkleazens hjir heger as yn de rest fan it lân. De oare noardlike provinsjes, Drinte en Grinslân, dogge it ek better as Fryslân.
Benammen yn de sektoaren technyk, yndustry en transport hawwe mear minsken in baan krige. Yn de administraasje en de fersoargjende beroppen binne der krekt wer mear wurkleazen by kaam. Yn totaal sykje 21.490 Friezen in baan.