Oerfal Oerterp oplost

Foar de oerfal yn Oerterp op 10 maart binne trije fertochten oanhâlden. It giet om in man út Diemen, ien út Amsterdam en in man mei ûnbekend wenplak. De trije oerfoelen in 42-jierrige Oerterper yn syn eigen hûs fanwege in saaklik skeel. Se woene de man twinge in skuldbekentenis te ûndertekenjen.
De plysje hâlde twa fertochten yn de rin fan maart al oan. De tredde is begjin maaie oppakt. De trije sitte noch fêst foar ûndersyk.