Trochferkeapers softdrugs pakt

De plysje hat in groep jongeren oanhâlden foar hannel yn softdrugs. Twa manlju fan 20 en 21 jier hiene legaal softdrugs kocht yn in coffeeshop yn Snits. Se hiene it spul trochferkocht oan twa jonges fan 13 en 14 út Balk. Dy brûkten it sels en ferkochten de rest ek wer troch oan leeftiidsgenoaten yn Balk.
It giet neffens de plysje om seker fiif jongeren fan tusken de 14 en 16 jier.