Jonge bekent brânstichting

19 maaie 2011 - 10:02

In jonge fan tolve jier út Noardwâlde is oanhâlden foar brânstichting. Hy hat mei in oanstekker en in stik papier in stik bosk oan de Haenepolle oanstutsen. Troch de droechte grypte it fjoer hurd om him hinne, mar de brânwacht koe krekt slimmer foarkomme.

De jonge hat de brânstichting bekend yn in petear mei in buertplysje dy't de saak op it spoar kaam wie. Dy prate mei de jonge en syn heit en mem. Omdat de jonge sa jong is, is er oanmeld by de helpferliening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)