Fuotbalje tsjin Tsjernobylbern

Foto: Omrop Fryslân
Bern fan Skylge sille woansdei in fuotbalwedstriid spylje tsjin bern út Wyt-Ruslân. Sy komme út it besmet gebiet om de kearnsintrale fan Tsjernobyl hinne. Bern dêrwei komme al sûnt 1996 nei Skylge foar in fakânsje.
De fuotbalwedstriid is bedoeld om de bân tusken Skylge en Wyt-Ruslân te ûnderstreekjen. It giet der woansdei offisjeel oan ta op Skylge. Der wurde folkslieten spile en de bern krije offisjele tenu's oan.