Griene slûs presintearre

Ballast Nedam presintearre woansdeitejûn it eigen ûntwerp foar de nije griene slûs by Starum. It bedriuw mei fan de provinsje in twadde slûs oanlizze neist de besteande Johan Frisoslûs. Dêrmei wurdt de kapasiteit mear as ferdûbele.
Der binne fjouwer plannen yntsjinne by de provinsje. It ûntwerp fan Ballast Nedam is troch de sjuery útkeazen fanwege it griene en duorsume karakter. Yn 2013 moat de slûs klear wêze.