Moasje foar earmerkwegerders

In ko mei earmerk
Twadde Keamerleden Lutz Jacobi fan de PvdA en Henk van Gerven fan de SP hawwe in moasje yntsjinne oer saneamde earmerkwegerders. Trochdat guon boeren yn Fryslân dy earmerken net brûke, rinne se al langer ynkommensstipe mis út Brussel.
De keamerleden freegje it regear no om mei Europa yn oerlis te gean oer de kwestje. Ek wurdt it regear frege om de earmerkwegerders dy't yn de problemen komme troch de koarting dit bedrach earst werom te jaan.