Rôze Weeningauto ûnderweis

18 maaie 2011 - 17:26

De rôze Pieter Weeningauto is woansdei ûnderweis nei de Giro yn Italië gien. Frank Wierstra, in trainingsmaat fan Pieter, broer Eddy Weening en noch in maat, sille dêr de hurdfytser oanmoedigje. It begûn allegear as in weddenskip, mar sûnt de Harrekyt fjouwer dagen yn de rôze liederstrui fytste, waard it serieus.

Pieter Weening hat de liederstrui net mear, mar syn maten sille him freed yn Eastenryk de Grossglockner opraze. De rôze auto helpt mooglik ek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)