Kijlstra oandien troch ûngelok

18 maaie 2011 - 16:46

Meiwurkers fan taksybedriuw Kijlstra binne bot oandien troch it ûngelok dat in kollega tiisdei feroarsake. In sjauffeur hie seis kear mear dronken as tastien en ried mei twa bern yn har taksybuske yn Hantum in tún yn. Der wiene gjin ferwûnen.

De frou is fuortendaliks heard troch de plysje en mei nea wer op 'e taksy ride by Kijlstra. It ûngelok hat grutte ympakt by it bedriuw. De ynspeksje fan ferkear docht ûndersyk nei hoe't dit gebeure koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)