Ynfloed trekkers op dyk besjen

18 maaie 2011 - 14:49

Kamera's registrearje it ferkear fan trekkers en oare lânbouweinen op de dyk. De provinsje wol de ynfloed fan sok ferkear op automobilisten ûndersykje.

By de dyk tusken Fryske Peallen en Bûtenpost binne woansdei seis kamera's ophongen. Se hingje der in wike. Op de N358 komme alle dagen 8.000 auto's en trekkers del. Dat smyt bytiden gefaarlike sitewaasjes op. Mooglik komme der passearstroken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)