Cambuur leit jeugdspilers fêst

18 maaie 2011 - 13:10

SC Cambuur hat trije jeugdspilers foar langere tiid fêstlein. Lucas Bijker (18), Sicco Bouwer (19) en Mark Diemers (17) ha in kontrakt tekene foar trije jier. Boppedat hat Frits Dantuma (18) in útnoeging hân om op amateurbasis by de seleksje te kommen.

Mei it kontraktearjen fan dizze jonges út de eigen oplieding jout de direksje fan Cambuur ynfolling oan de doelstelling om mei eigen spilers fierder te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)