V/d Heide en Hese op de bank

18 maaie 2011 - 13:04

SC Cambuurspilers Sandor van der Heide en Leon Hese begjinne tongersdei yn de earste play-off wedstriid tsjin FC Zwolle op de bank. Se komme werom fan in blessuere, mar binne noch net fit genôch om yn de basis te begjinnen.

Yn fergeliking mei de lêste kompetysjewedstriid tsjin Zwolle is der mar ien feroaring yn de opstelling. Martijn van der Laan spilet achteryn, ynstee fan Dennis van der Ree. Hy foarmet it sintrale duo mei Gijs Luirink.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)