René Hooghiemster út koers

René Hooghiemster (foto: Rudie Ottens)
De kollega's fan hurdfytser René Hooghiemster binne woansdei om goed alve oere begûn oan de twadde etappe fan Olympia's Tour. De rit giet fan Noordwijk nei Olst oer goed 200 km.
De 24-jierrige Hooghiemster moast tiisdei troch in falpartij en dêrnei stom maleur oan de fyts nei 30 kilometer yn de biezemwein. En dat yn Olympia's Tour, de belangrykste rittekoers foar topamateurs. Om snein mei te dwaan oan de Ronde fan Súdeast Fryslân set er no in nije fyts ynelkoar.