Stellerij sportkantine oplost

18 maaie 2011 - 10:56

In man (61 jier) út Skearnegoutum is oanhâlden. Hy hie begjin april jild stellen út in sportkantine yn it doarp. De man koe syn slach slaan om't de doar net op 't slot siet.

De plysje koe de man oanhâlde om't er op kamerabylden te sjen wie. De man hat bekend en hat in proses ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)