Jonges pakt foar mishanneling

18 maaie 2011 - 10:03

Trije Ljouwerters (16 en 17 jier) binne oanhâlden yn ferbân mei swiere mishanneling en fernieling. Yn de nacht fan 5 op 6 maart hat it trio in jonge fan 15 jier slein en tsjin de holle skopt. Dat wie yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren. It slachtoffer flechte nei hûs, de trije gienen achter him oan en fernielden dêr de auto fan de heit fan it slachtoffer.

De fertochten binne ein maart al oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)