Skylge oeren sûnder stroom

18 maaie 2011 - 09:59

Op Skylge hat woansdeitemoarn in grutte stroomsteuring west. It hiele eilân siet neffens netwurkbehearder Liander sûnder stroom. It gie om 4000 klanten.

Nei oardeloere wie de stroomfoarsjenning hersteld. Dat betsjut dat der gjin skea kompenseard wurde sil, sa lit netwurkbehearder Liander witte. Dêrfoar hat de stroom der te koart ôf west. Oer de oarsaak is noch neat te sizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)