Net iens mei nij vwo-eksamen

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat vwo-learlingen dy't tiisdei it eksamen tekenen, handvaardigheid en textiel (tehatex) makke ha, dat opnij dwaan moatte. Op OSG Sevenwolden soene 17 learlingen it eksamen opnij meitsje moatte, ek al hiene se de goeie opjeften. Eksamen-sekretaris Jan Frank Lens is dêr min oer te sprekken.
Op seker 7 skoallen siet by it eksamen in ferkearde bijlage, fan it havo-eksamen fan nije wike. Dêrom soe oeral it eksamen ûnjildich ferklearre wurde.