VVD: Harns sit topkok dwers

Spul om nijbou by it Havenmantjse
De VVD-fraksje yn Harns is lilk oer de behanneling fan topkok Marco Poldervaart. De koalysjepartijen soene de ûndernimmer dwers sitten ha. Poldervaart sleat moandei ûnferwacht de doarren fan syn restaurant De Gastronoom om earne oars opnij te begjinnen. Poldervaart wachtet al lang op dúdlikheid oer syn plan om yn it monumintale Havenmantsje in nije saak mei hotelkeamers te begjinnen. In mearderheid fan de ried woe dat net.