Toerismebelesting yn Opsterlân

17 maaie 2011 - 17:26

Opsterlân folt de toerismebelesting oars yn as earder de bedoeling wie. Boargemaster & wethâlders woene earst in belesting trochfiere fan 1 euro de persoan de nacht. Omdat der út de toerismebransj in soad protest kaam, hat de gemeente it plan oanpast.

De bedriuwen moatte no belesting betelje op basis fan harren omset. Hotels en groepsakkomodaasjes betelje 1,9 % belesting, kampings 6,9 %. Mei-inoar moat de belesting de gemeente sa'n 140.000 euro opleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)