Taksysjauffeuze rydt tún yn

In 41-jierrige taksysjauffeuze is tiisdeitemoarn op de Stasjonswei yn Hantum in tún ynriden. It die bliken dat de frou út Ljouwert in neffens de plysje 'bysûnder grut' promillaazje alkohol yn har bloed hie.
Yn it taksybuske hie de frou twa bern dy't nei it spesjaal ûnderwiis yn Dokkum moasten. De bern hienen fierder neat. Njonken har riidbewiis moast de frou ek har taksypaske ynleverje.