Mear famkes op ferkearde paad

17 maaie 2011 - 16:29

Tsjin de lanlike trend yn nimt it tal famkes dat yn Fryslân mei justysje yn oanrekking komt ta. Lanlik is ien op de seis jongeren dy't by justysje yn byld komt in famke en dat bliuwt ek sa. Yn Fryslân is it oanpart famkes de lêste oardiel jier tanommen.

Opfallend is ek dat it totale oantal jongeren dat by justysje oanbrocht wurdt sawol lanlik en yn Fryslân ôfnimt. Allinnich giet dat yn Fryslân noch hurder as yn hiel Nederlân. Nei beide saken rint no in ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)