Fabryk Drylts op transport

17 maaie 2011 - 14:50

In folsleine fabryk gie tiisdei yn Drylts op transport nei Dútslân. It fabryk is ûntwurpen en boud troch Autonational yn Drylts. Yn Dútslân sil it brûkt wurde om glydlagers te meitsjen. It fabryk wurdt de kommende moannen yn Dútslân yn inoar set.

Ferline jier moast Autonational noch 12 minsken dien jaan om't se te min wurk hiene. Yntusken is it bedriuw wer sûn en lûkt de ekonomy wer wat oan, mar romte foar nij personiel is der noch net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)