Jeugd-tbs foar oerfal Drachten

17 maaie 2011 - 14:44

In jonge fan 14 út Drachten is feroardiele ta jeugd-tbs en 163 dagen selstraf foar de oerfal op in âlder echtpear yn Drachten.

De jonge oerfaller hat mei twa oaren yn novimber ferline jier in echtpear fan 87 en 83 jier âld yn harren wenning oan de Schwartzenbergleane oerfallen. De man waard troch de maskere oerfallers skopt en slein. De oerfallers namen jild út de wenning mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)