Wenningbrân yn Harns

17 maaie 2011 - 12:41
(Foto: Nick den Boer)

Yn in hûs oan de Frjentsjerterfeart yn Harns hat tiisdeitemiddei brân west. In tsjûge hie reek sjoen, de alarmearre plysje seach flammen yn de wenkeamer.

De bewenster, in frou fan 34, wie noch yn 'e hûs. Se hie reek binnenkrigen en is nei it sikehûs brocht. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)