Fakbûnen lulk op Burggraaff

17 maaie 2011 - 11:47

De fakbûnen binne lulk op de direksje fan boubedriuw Burggraaff yn Ljouwert. It bedriuw brûkt it fallisemint fan dochterbedriuw Newton om 14 minsken dien te jaan. De meiwurkers fan Newton hawwe dit tiisdei fan de kurator fan it fallite bedriuw te hearren krigen.

It betonfabryk Newton waard ferline wike fallyt ferklearre. Neffens de direksje gie it om in fersin en soe it fallisemint oanfochten wurde. Yntusken hawwe de fakbûnen te hearren krigen dat Burggraaff net yn berop gean sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)