H'fean: ûndersyk nei Caparis

De gemeenteried fan Hearrenfean hat tiisdei unanym ynstimd mei in ûndersyk nei de finansjele situaasje by it sosjale wurkfoarsjenningsskip Caparis.
It CDA tsjinne in moasje yn dy't troch alle oare partijen stipe waard. De oare gemeenten dêr't Caparis aktyf is, moatte har noch oer de kwestje útsprekke. Dêr sille de CDA-fraksjes deselde moasje yntsjinje. As sy ek ynstimme, sil de rekkenkeamer fan Smellingerlân it ûndersyk útfiere. Caparis sit yn finansjeel swier waar.