Plysje bekeurt bromfytsers

17 maaie 2011 - 10:07

De plysje hat moandei by in kontrôle yn Boalsert twa bromfytsers bekeurd. Se hiene har brommer opfierd, en se hienen gjin kentekenbewiis by har.

Fiif oaren moasten nei de earste kontrôle mei nei it buro foar in ekstra kontrôle op de rolletestbank. De plysje kontrolearre omdat bromfytsers in kwetsbere groep foarmje yn it ferkear. Se binne mar ien persint fan de weibrûkers, mar se nimme tsien persint fan alle ferkearsdeaden foar harren rekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)