De Sweach:man botst tsjin beam

17 maaie 2011 - 09:41

By in iensidich ûngelok op de Beetsterwei tusken Nij Beets en Beetstersweach is tiisdeitemoarn in autorider út Drachten (24) slim ferwûne rekke. De man kaam fan Nij Beets, doe't er troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer ferlear en tsjin in beam botste.

It slachtoffer is troch de brânwacht út de auto helle en mei de ambulânse oerbrocht nei it UMCG yn Grins. De plysje sil neier ûndersyk dwaan nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)