Kommoasje Strobos oer haven

Kommoasje yn Strobos
In oantal ûndernimmrs út Strobos is net te sprekken oer de plannen foar de camping en de haven. It echtpear Reitsema út Lutjegast wol der in wen- en soarchfoarsjenning fan meitsje. Se wolle it bedriuw draaie mei minsken mei in ferstanlike en psychyske beheining. Neffens de ûndernimmers giet it om kriminelen dy't yn de sel sitten hawwe.
De ûndernimmers yn Strobos prate moandeitejûn oer mooglike aksjes tsjin de plannen.