Smookferbod fan de baan

De natuer is net mear te droech
De gemeente Opsterlân lûkt mei yngong fan moandei it smook- en stookferbod wer yn. Op 19 april waard dat ferbod ynsteld fanwege de oanhâldende droechte yn ús provinsje. De kâns op brân yn de bosken en op de heidefjilden wie dêrtroch hiel grut.
No't it wer reind hat en de waarberjochten noch mear wetter oankundigje, hat de gemeente besletten dat it ferbod wer ynlutsen wurde kin.