Atsma: REC foldocht goed

16 maaie 2011 - 14:25

De ôffalferbaarningsynstallaasje REC fan Omrin yn Harns foldocht oan alle noarmen. Hy docht it sels better as oare ynstallaasjes yn Nederlân as it giet om it frijkommen fan it broeigas CO2. Dat sei steatssekretaris Joop Atsma moandeitemiddei by in wurkbesite oan it stoart De Wierde by Aldehaske. Dat stoart is ek fan Omrin.

De steatssekretaris seach by De Wierde foaral nei it skieden fan plestik út hússmoargens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)