Neikompetysje: gjin lange rige

16 maaie 2011 - 13:38

De kaartferkeap foar de wedstriid Cambuur-Zwolle smiet moandeitemoarn noch gjin lange rigen foar de kassa op. De rige foar in ticket bestie út mar in hantsjefol minsken. De kaartferkeap by it stadion op it Cambuurplein sette moandeitemoarn om njoggen oere út ein.

Cambuur spilet tongersdei yn de neikompetysje thús tsjin FC Zwolle. Yn earder jierren smiet sa'n foarferkeap noch wolris lange rigen op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)