SHP jout sân timmerlju dien

16 maaie 2011 - 12:06

By SHP Bouwbedriuwen ferdwine sân fan de tachtich banen. It boubedriuw mei festigings yn Grou, Wynjewâld en Grins hat lêst fan de krisis yn de bou. Yn de lêste trije jier is de omset 20 prosint minder wurden. It bedriuw hat amper nijbouprojekten. De renovaasje fan huzen smyt ek minder jild op.

Yn 2002 joech it bedriuw ek al minsken dien. Direkteur Syds Wiersma ferwacht dat de dip yn de bou yn 2012 oer is. De sân dy't no ûntslein wurde, binne timmerlju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)